zondag 1 november 2015

Libbene stiennen fan Pieter Wilkens

Sneintemiddei 1 novimber 2015 
Ytzen Peterson, Pieter Wilkens en Willo de Bildt yn De Groate Kerk



















Jubileumkonsert fan SAFT
Hjoed binne Durkje en ik by it konsert fan Pieter Wilkens yn De Groate Kerk fan Sint Jabik. Ta ús ferrassing krige ik fan ús bern foar myn jierdei yn septimber ûnder oare twa konsertkaarten foar it jubileumkonsert fan de Stifting Alde Fryske Tsjerken (SAFT), by gelegenheid fan harren 45-jierrich bestean.
Hja hawwe Pieter Wilkens noege om in moai jubileumprogram gear te stallen oer de tsjerken fan ús Fryske lân, It muzikaal program fan Pieter Wilkens krige as titel: 'Libbene Stiennen'.
Pieter Wilkens sjongend mei syn gitaar, en Ytzen Peterson ek op gitaar en Willo de Bildt op gitaar en bas foarmje de kombinaasje dy't Pieter Wilkens dizze middei op it poadium bringt. De konsertseal fan De Groate Kerk fan Sint Jabik sit hjoed krapoan fol.
It konsert wurdt iepene mei hertlike wurden fan wolkom en yntroduksje troch de directeur fan de SAFT, Gerhard Bakker. En dan giet it oan mei dit moaie konsert, yn twa dielen, mei skoft.

Pieter Wilkens oer Libbene Stiennen
Pieter Wilkens presintearret yn dit konsert in 15-tal nije lieten, dy't makke binne foar 'Libbene Stiennen'. Prachtige lieten, dy't mei fleur en faasje brocht wurde, wêr't it publyk hjoed tige nocht oan hat, sa blykt út it meiklappen en meisjongen. Pieter Wilkens hoecht grapkjend mar te roppen dat it no wer ris om in 'gospel' giet, en dan sjongt it publyk de lieten mei as hiene hja it al mear as ien kear heard en song. It wurdt in noflike middei, mei moaie muzyk en in tige goed kontakt tusken de minsken op en foar it poadium.
Mei dizze betûfte lietskriuwer-sjonger Pieter, mei syn knap gitaarspyljende muzykmaat Ytzen en mei syn meastentiids glimkjende mearsidige gitarist-bassis Willo kin it net oars of it moat in muzikale boppeslach wurde. Pieter Wilkens, dy't fanút it sintrum fan it poadium in goed eachkontakt hâld mei syn begelieders en tuskentiden ek syn publyk net in tel loslit, soarget as muzikaal fakman foar in moai stik muzyk, wêr't nije en in tal al âldere lieten knap foar it ljocht komme.

Bêst genôch
In krapoan folle konsertseal sjocht en harket nei de presintaasje fan dizze lieten:

  • In yntroduksjeliet oer Fryslân, de terpen, en de doarpen mei harren tsjerken.
  • Dan komt fuort al de moaie titelsong 'Libbene stiennen'.
  • De ynkringende 'gospel' dy't no ris sêft en dan ris knap lûd brocht wurdt, oer 'Doe't Jezus berne waard, waard alles oars; doe kaam it ljocht'.
  • Yn 'de fragen oan Bonifatius' wurdt oan dizze Bonifatius frege: 'hoe hoe hja dy ferslein; dêr wurdt ferskillend oer tocht'; en 'swije dochst no, do bist in byld fan stien'.
  • Yn 'it ferhaal fan de dowestien' (tufsteen út de Dútske Eiffel) sjongt dizze tsjerkestien: 'ik kom djip út de ierde, ús mem is in fulkaan'.
  • Yn it 'ferhaal fan de mûntsen' sjongt Pieter: 'hja hawwe hiel wat wurk foar ús dien'.
  • Yn it liet 'Kening fan de greiden' (fan Eppie Dam) stiet de skries razend en flokkend op syn hikkepeal, en rekent hy ús de kealslach (fan de natoer) oan?, en sil de skries noch kening bliuwe?
  • Prachtich is ek 'de moeting fan de goudoele en de houtdo', mei syn 'hé, hó, há, hoe is't mei dy; ik bin as dy; fûgelfrij'.
  • En dan it krityske 'Spitkeetgea' (Jobbegea), wêr't de tsjerke brûkt waard om de minsken dom te hâlden: 'myn suske stoar yn myn earmen, omdat der net genôch fretten wie. Mar ík sil in oare takomst ha, ik sil nei Amerika'.
  • Foar it skoft komt dan noch in fleuriger liet, oer de tsjerkeklokken (fan Sybrandahûs), dy't nijs bringe en de tiid oan jouwe mei harren Bim, Bam, Bom! 
  • Nei it skoft wurdt fuortset mei it bekinde liet fan Pieter Wilkens: 'Hjir yn ús greidelân'.
  • Ut it projekt fan Leonard Cohen yn it Frysk komt de song 'Bird on a wire', dy't Pieter oerset hat as 'Skries yn it fjild'.
  • En wa yn Fryslân koe of kin net in 'Sytse de Vries': do bist noch sa jong, stoarn yn de oarloch; de befrijing kaam, doe wiesto al wei; en is der in himel, dan gun ik dy oan dy.
  • Deastil is it yn de konsertseal as Pieter 'op it hôf'' sjongt: ik sil dy nea ferjitte, it ferlies dat is sa slim; wêrom moat ik dy sa misse? In emosjoneel liet fan ferlies, fertriet en leafde; en dochs wurdt in (leafdes)flamke noch wer in grutte brân. Hân yn hân op it hôf, mei blommen fan grêf nei grêf.
  • Fan 'Black is the colour' makket Pieter 'Ljocht binne de soargen': de dei sil komme, trouwe wy yn tsjerke.
  • En it liet 'Leauwe', it is mar krekt watsto der mei dochst; begryp elkoar wat better, wy moatte fierder mei elkoar. 
  • Ut it program 'De fleanende Hollanner' sjongt Pieter oer 'sis, wat bart der mei ús nei ús dea; jou my rêst'.
  • In liet dat ek ferwiist nei it tema fan dit konsert giet oer 'in tsjerke iensum en allinne, fertuteaze en net mear brûkt; mar de tsjerke síl in nije funksje ha'.
  • Tuskentroch in Sinterklaaslietsje: 'Sinterklaas, dat is myn held'.
  • It konsert wurdt ôfsletten mei it populêre liet fan Pieter Wilkens: 'It paad werom': it makket neat mear út wêr't ik hinne sil. De ein fan elke reis is it paad werom'.
  • En nei it tankwurd fan Gerhard Bakker komt fansels noch in topliet fan Pieter Wilkens: 'Bêst genôch'. En sa is't mar krekt!

Geen opmerkingen: