woensdag 21 september 2011

Ynventaris fan it argyf fan it Kristlik Frysk Selskip

Woansdei 21 septimber 2011

It jier 1908 wie it oprjochtingsjier fan it 'Christlik Selskip for Fryske Tael en Skriftekennisse'. Letter is dy namme feroare yn 'Kristlik Frysk Selskip' (KFS). It doel fan it KFS wie fan 'e miet ôf oan de 'emansipaasje fan it reformatoarysk-kristlike folksdiel yn Fryslân en fan de bûten-Friezen'. Der waard striden foar in Frysker takomst foar in Frysker Fryslân.

Hûndert jier letter, yn 2008, ferskynt it boek 'Ynventaris fan it argyf fan it Kristlik Frysk Selskip', skreaun troch Thys van der Veen en útjûn troch Tresoar. It boekje jout in moai oersjoch fan de stikken fan it KFS, dy't bewarre wurde yn Tresoar, it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum yn Ljouwert.

It boek begjint mei in ynlieding mei in beskriuwing fan de eftergrûn en plakbepaling fan it KFS, ek yn it fermidden fan oare selskippen dy't har op de kristenminske yn Fryslân rjochten. Dan folget in haadstik oer de oprjochting, de organisaasje en de wurksumheden fan it Kristlik Frysk Selskip fan de ôfrûne ieu. Sa wurdt bygelyks beskreaun dat de Kristlik Fryske Folksbibleteek (KFFB) yn desimber 1934 oprjochte waard, om't der ek yn it fermidden fan it KFS ferlet ûntstie om eigen kristlike Fryske boeken ûnder it folk te bringen. Ta beslút fan dit haadstik skriuwt Thys van der Veen oer de wize fan ynventarisaasje, ferneatiging, omfang en iepenbierheid fan de ynbrochte 8,5 meter KFS-argyf oer de jierren 1908-1996, dy't troch Tresoar tagonklik makke is en wêrfan nei seleksje en ferneatiging sa'n 7 meter argyf oerbleau.

Yn it twadde diel fan dit boek folgje dan lange listen mei de stikken dy't yn it argyf opnommen binne. It begjint mei it Haadargyf fan it KFS mei bygelyks wurklisten, notulen, korrespondinsje, jierferslaggen en stikken oer leden en stipers, kriten en distrikten. Ek oer kontakten, propaganda, jubilea, finânsjes, Bibels en oare útjeften jout de list ynformaasje. Ta beslút folgje stikken oer kampen, priissjongen en tsjerklike oangelegenheden.

Dêrnei folget in oersjoch fan deponearre argyven lykas fan de Fryske Kriten, de Bibelferkeapkommisje 'Net fan Brea allinne', it Boun fan Kristlik Fryske Jongerein, it Kristlik Frysk Nationaal Striidboun en de Kristlik Fryske Parsforiening. Ek fragminten fan persoanlike argyven en foto's en tekeningen lizze yn it argyf. Fierders is der noch in ferskaat oan Dokumintaasje en dan binne der ek noch de flaggen, faantsjes en ek in linnen boadskiptas mei it logo fan it Kristlik Frysk Selskip, allegearre realia fan de 20e ieu.

It is mei tank oan al dy Friezen dy't sa tûk west binne om dit allegearre te bewarjen en it ta einbeslút te skinken oan it KFS en no oan Tresoar dat minsken hjoed en moarn noch allerhande ûndersyk dwaan kinne oer de histoarje fan de KFS, fan in wichtig part fan de skiednis fan Fryslân en fan de Friezen dy't alle war dien hawwe foar it Frysk en de Friezen, yn it ferline, foar hjoed èn foar in Frysker takomst fan in Frysker Fryslân.

Geen opmerkingen: