woensdag 27 april 2011

Maitiid tusken Bûtenskilwei en Middelsédyk

Woansdei 27 april 2011

As ik betiid op 'e jûn oer de Middelsédyk fan Froubuorren nei Stiens ryd, falt myn each op de giele greiden tusken de Bûtenskilwei en de Middelsédyk, ûnder de reek fan Stiens.
Yn dizze greiden tilt it op fan de hynsteblommen.
De ieuwenâlde doarpstsjerke (Sint-Vitustsjerke) mei har heechopgeande dûbele rige linebeammen der om hinne stekt der grutsk boppe út as wie it har kroantsje op dizze goudgiele greiden.

Geen opmerkingen: