zaterdag 2 januari 2010

De Striid om de Sulveren Bal fan Tryater & Meeuw yn 'e Harmonie fan Ljouwert

Sneon 2 jannewaris 2010

Yn it Krystpakket fan Durkje har wurk by it Fryslân Kolleezje sieten weardebonnen, dy't ek foar yn teaterfoarstelling yn 'e Ljouwerter Harmonie brûkber binne. Dat wy giene jûn troch de farske laach snie op Ljouwert oan foar de útfiering fan Tryater & Meeuw, fan it stik "De striid om de Sulveren Bal". In wedstryd as in foarstelling, in foarstelling as in wedstryd. In fûle striid tusken romantyk en werklikheid, troch spilers fan Tryater yn moaie gearwurking mei de jonge talinten fan de Fryske jongereinteaterskoalle Meeuw. Wy sjogge nei in wiere striid, de striid om de Sulveren Bal!

De striid om de Sulveren Bal is basearre op trije boeken fan Nynke van Hichtum:
- De jonge priiskeatser, oer Jelle van Sipke Froukjes;
- Schimmels voor de koets;
- De tsien fan Martens Afke (ek bekind as: Afkes Tiental).
Skriuwster Wiske Sterringa hat dizze trije ferhalen fan Nynke van Hichtum meiinoar ferflochten ta in wedstryd foar twa ploegen:
- De read-swarte ploech oan de iene kant, dy’t stiet foar it romantyske fan de skriuwster Nynke van Hichtum en
- de blau-swarte ploech oan ‘e oare kant stiet foar de hurde werklikheid fan Nynke fan Hichtum har man, Piter Jelles Troelstra.
Hoewol’t it libben sawol yn de werklikheid as yn 'e ferhalen fan Van Hichtum net sûnder soargen wie, is de reade trie fan doe èn ek fan no: de kop derfoar!

It is in winterske foarstelling fol passy en fjoer. It stik spilet yn it ferline, oer it fêstsitten yn ellinde en giet oer de kânsen, dyst pakke kinst! En oer de krânsen, dyst as jonge priiskeatser - hjir is dat Jelle fan Sipke Froukjes - pakke kinst. Dúdlik wurdt yn dit stik: jo moatte net seure, mar dwaan en fral trochpakke!

Komponist en musikus Peter Sijbenga makke spesjaal foar De striid om de Sulveren Bal in ‘mikstaal’ fan Frysk en Nederlânsk. Dat is dien as in knypeach nei de skriuwtaal fan Nynke fan Hichtum. Hoewol’t se yn Fryslân berne waard en libbe, skreau se yn it Nederlânsk. Mar dat wie in Nederlânsk fol frisismen. It ynspirearre Sijbenga om te boartsjen mei de klanken en de wurden fan de tekst dy’t Wiske Sterringa oanlevere. Spilers stappe yn en út harren taal en ek yn en út harren rol, om de sitewaasjes yn in hjoeddeisk ljocht te setten.

It stik begjint mei de berte fan Nynke fan Hichtum har tsiende bern. It libben is swier, ek foar de âldere bern, dy't de leafste hûn ferkeapje om thús jild yn te bringen of as ien fan de jonges yn 'e stêd in skelk foar syn mem keapet fan alle sinten dy't hy by de petroaljehânnel fertsjinne hat. Mar der komt in kear yn it stik, want oan 'e ein wint ús priiskeatser de Sulverren Bal en dat net allinnich, want hy wint mei de krâns en de Sulveren Bal om 'e holle ek it hert fan syn âld-freondinne, dy't jierren earder ferfarre wie nei Frentsjer. De jongerein fan 'e teaterskoalle en de profesjonals fan Tryater soargje meiinoar foar in moai stik, mei in moai muzikaal en gefoelich ein.

Geen opmerkingen: