zaterdag 12 december 2009

Job

Sneon 12 desimber 2009

Moarn is it trije wiken lyn dat it yn tsjerke gie oer de tsjustere kant fan it libben, oer ferlieserfarings. It wie doe Ivichheidssnein, lykas alle jierren op de lêste snein foar advint (sjoch myn weblogberjocht fan 22 novimber 2009). Wy betochten doe de minsken, dy't yn it foarbye tsjerklik jier ferstoarn binne.

Foar dizze tiid - hjir de tiid fan tsjerklike en wrâldske jierwiksel fan 2006/2007 - skreau en publisearre dûmny Doede Wiersma in boekje mei de titel "Job". It wie net foar de hannel bedoeld. Famylje Knol fan Dokkum stjoerde ús it boekje ris yn desimber ta by gelegenheid fan 'e jierwiksel. Op it omslach fan it boekje stiet in lito fan Marc Chagall, dy't Chagall "Job yn gebed" neamde.

Wiersma's boekje giet oer op hokker wize jo omgean kinne mei minsken dy't in Jobstiding krije. It kwea rekket sa faak ek goede minsken, tink mar oan minsken om jo hinne, dy't te dwaan hawwe mei slimme sykten, ûngelokken, ûntslach, probleembern of mei minsken dy 't psychysk siik wurde. Yn 'e Bibel krige Job ek sa'n Jobstiding. It kwea rekke Job sels. Job waard slim siik en troch leed teheistere. Mar doe't Job sa oan reapsein wie, wiene syn freonen him net bot tagedien. Dat Job prate him út, hy skriemde it út en flokt, raast en tjirget en ferwyt God de slimste dingen. Job docht syn namme eare oan, want de "J" stiet foar "Wêr" en "ob" stiet foar "Heit". Dat Job stiet foar - en skriemt it út: "Wêr is Heit?".

Maarten Luther sei al dat God somtiden leaver ús flokken heart as ús halleluja en dat wa't net flokke kin, ek net bidde kin. Jobs freonen litte Job los, litte him falle, mei harren holle en neatsizzende wurden. Mar Job lit syn Heit net los. Job raast ta God, ta syn Heit. Wrakselje mei God, lykas de skriuwer Elie Wiesel syn libben lang docht. Nei it oerlibjen fan de konsintraasjekampen seit Wiesel dat hy nei de holocaust fan 'e Twadde Wrâldkriich wol 6.000.000 reden hie om God ôf te swarren, mar Wiesel leaut (yn) God en lit syn leauwe en lit God net los.

God gunt Job syn opstannigens, syn fertriet en syn lulkens. Soksoarte fan lulkens kin wat opleverje, want - it duorret lang, mar - dan komt de dei dat God mei Job praat. En God praat tsjin Jobs freonen fanwegen harren klisjee-taal en jout harren op 'e donder. En dan praat God net tsjin Job, mar mei Job. Dit is net foar neat it haadstik fan 'e Bibel, der't Elie Wiesel sa fan hâldt. Us aller Heit sjocht it wol, sjocht ús wol, heart it wol en heart ús wol.

En lykas Jezus, hat ek Syn Heit meilijen mei minsken. Jezus segene, aaide, iet mei útskot, sloech syn earm om siken hinne en lit sjen dat jo ûntsach hawwe foar God as jo jo freonen net yn de steek litte.

En no jo en no ik.
Der binne safolle minsken om ús hinne, dy't harren fiele as Job.
- Underfine dizze minsken ús meilijen?
- Kinne en sille wy yn de kommende tiid it libben fan de minsken om ús hinne kleurje mei de teare hannelingen, sa't Jezus ek die?
As wy no ris Jezus as syn folgeling dêryn folgje, dan sil dat de minsken om ús hinne grif wol helpe om ek goed fan God te tinken.
Moai sein, dûmny!

Geen opmerkingen: