dinsdag 29 december 2009

Hjoed is de 75e jierdei fan 'e Kristlik Fryske Folksbibleteek

Tiisdei 29 desimber 2009

In wichtige dei foar de feriening, har leden en it bestjoer fan de Kristlik Fryske Folksbibleteek (KFFB). It is nammentlik hjoed de 75e jierdei fan 'e KFFB. Doe't de KFFB oprjochte waard op 29 desimber 1934, wie it ledetal 85 leden. De feriening woeks súntsjesoan fan desimber 1940 mei 553 leden nei 1.000 leden yn desimber 1945. Noch gjin jier letter wie it ledetal yn septimber 1946 al 1.250 en sa sette it troch nei in hichtepunt fan 12.425 leden yn 1965. By gelegenheid fan it 50-jierrich bestean hat de KFFB yn 1984 in mânsk tinkboek útjûn mei de titel "Slomjende krêften".

En no binne wy al wèr 25 jier fierder. Hjoed fiere wy as bestjoer ús 75e jierdei mei in bestjoersgearkomste mei in lyts feestlik rântsje yn Hotel Duhoux yn Wurdum, in lokaasje dêr't wy somtiden ús bestjoersgearkomste hâlde. Yn dizze gearkomste hear ik dat in KFFB-lid út Warnsveld al 74 jier lid is fan 'e KFFB. Hja waard al lid, doe't hja noch mar in famke wie fan 13 jier âld. Wêr hearre jo soks hjoed de dei noch?

Us gearkomste begjint fan 'e middei mei in lyts tal histoaryske anekdoaten. Nammen fan leden, bestjoerders, gearkomsten, tsjerken, dûmnys, boeken, en sels ek ferhalen oer it doetiids noch Nederlânsk-Ynje komme op it aljemint. Dêrnei giet it oer mear aktuele oantekens, ynkommen stikken, jildsaken, in nije bernebibel, mooglik nije KFFB-útjeften, ensafuorthinne.

By sa'n wichtich jubileum heart fansels ek in knap feest. Dêrom wurdt hjoed ûnder oaren in soad praat oer it Tinkskrift dat de KFFB kommende jannewaris 2010 útjaan sil ta gelegenheid fan it 75-jierrich bestean. Wy dogge alle war om de printkladde fan ús Tinkskrift te behoffenjen, en it is no al wol te sjen dat it wier in prachtich tinkboek wurdt oer de lêste 25 fan dy 75 jier (sjoch ek myn weblogberjocht fan 7 desimber 2009).

De feestlike jubileumgearkomste fan 16 jannewaris 2010 yn it nije World Trade Center (WTC) fan Ljouwert (by it FEC, ferhinne de Frieslandhal) is no taret, en wy binne wiis mei in moai feestprogramma foar ús leden en allerhande relaasjes, dy't al útnoege binne en noch útnoege wurde. Tresoar-direkteur Bert Looper en Fryske Akademy-meiwurder Pieter Duijff sille feestredes fersoargje en it earste eksimplaar fan it "Tinkskrift 75 jier KFFB" wurdt oanbean ons Jannewietske de Vries, deputearre fan 'e provinsje Fryslân. Der sil moaie muzyk útfierd wurde troch Grytsje Kingma mei Rob du Jardin en troch it duo Oct-Opus. "

Yn it skoft fan 'e jubileumgearkomste sil der in mânske boeketafel wêze mei boekeferkeap foar tige lege prizen, dat wa't ferlet fan Fryske KFFB-boeken hat of krijt, kin dan mar raak útsykje. Nei it skoft wurde prizen útrikt oan skriuwers dy't oankommend jier in boek by de KFFB útjaan sille en fansels is der ek romte foar pinnefruchten fan ús eigen KFFB-skriuwers. Sa sil skriuwer Anders Rozendal ien fan syn ferhalen foarlêze en sil dichter Atze Bosch it feestgedicht foardrage, dat Bosch makke hat ta gelegenheid fan it 75-jierrich bestean fan ús Fryske Boekeklub. Wat de oanwêzige leden nei ôfrin krije, bliuwt salang noch in ferrassing.

Geen opmerkingen: