vrijdag 30 oktober 2009

De twadde & fjirde printinge; it sil jin mar oerkomme

Freed 30 oktober 2009

As de doarbel giet, moetet Pieter oan 'e foardoar Romke Grijpstra. Grijpstra fan Jelsum is de skriuwer fan 'e ferhalebondel "It sil jin mar oerkomme" (sjoch mar ris yn myn weblogberjocht fan 4 april 2009). Dizze skriuwer ferkeapet jûn - lykas yn it ferline - syn boek net oan 'e doar, mar hy komt ús persoanlik de nije, fjirde printinge bringen fan dizze ferhalebondel.

Mar Romke Grijpstra komt mei in bysûndere fraach en oanbod. Hy is der wiis mei dat ik yn april fan dit jier in resinsje skrean haw oer syn boek. Dat hat ek noch boekferkeap opbrocht, sa hearre wy jûn. Hy fertelt dat hy de nije, fjirde printinge fan syn boek krekt fan 'e printer út Easterein ophelle hat en dat dizze nije útjefte ûnder oare ek trije níje ferhalen befettet. En dan komt Grijpstra syn fraach mei oanbod. Hy sit no by ús oan 'e itenstafel. Hy wol my de nije útjefte ta hawwe, mar dan moat ik myn âlde útjeftje mei him ruilje, want dy hat no gjin sin mear, dat dy twadde printinge sil hy dan sels ferneatigje. Ja, jo lêze it wier goed.
It is my in ôfgriis, mar de nije bondel mei dy trije nije ferhalen dêryn laket my dochs wol ta. Dat ik siz: "Grijpstra, ik doch mei".

Mar, ik wol al myn oantekens út de âlde printinge bewarje. Dat is foar Grijpstra fansels gjin beswier, dat hy pakt myn útlêzen ferhalebondel, skuort de bân fan it boek dwerstroch en skuort myn oantekens derút en jout my dizze siden út 'e skeinde bondel.
Dan krij ik de nije printinge, mar dy moat er no - fyn ik - fansels al signearje. Dat hat Grijpstra gau klear, dat it duorret mar efkes en Romke Grijpstra en ik stean mei it nije boek byinoar en de ferneatige bondel leit foar dea op 'e itenstafel neist ús Bibel, want ja, wy wiene nei it waarm iten krekt oan't Bibelferhaal lêzen, doe't Grijpstra mei syn wrâldske ferhaleboek by ús oan 'e doar kaam.

Is dit no wier sa bard?
Ja minsken, wier-wier, it is stjerrende wier.
It sil jin mar oerkomme!

En no sil ik gau oan't lêzen, want de ynhâld fan dy trije nije ferhalen haw ik noch gjin weet fan, en ik bin no fansels sa nijsgjirrig as in âld hin.

En as jo no ris witte wolle yn hokker wrâld in letselskeabehanneler libbet en hokfoar ferhalen ferskûle binne efter it deistige krantenijs fan slimme ûngefallen thús en op strjitte, dan moatte jo Op 'e terp fan Jelsum wêze, om't dizze Fryske fersekeringsman & skriuwer & ferhaleferkeaper jo - tinkt my - dêr wol graach de nije útjefte fan syn bysûndere ferhalebondel ferkeapje wol. Faaks komme jo dan as ferhalelêzer ek yn 'e besnijing fan Grijpstra's Fryske, bjusterbaarlike ferhalen yn sprektaal.

Geen opmerkingen: