maandag 29 juni 2009

It Dokkumer Lokaaltsje is ‘t paad noch net alhiel bjuster

Moandei 29 juny 2009

"It Dokkumer Lokaaltsje” is de folksnamme fan it âld spoar fan Ljouwert fia Stiens nei Dokkum. It is it eastlike diel fan ‘e “Noord-Friesche Locaalspoorweg-Maatschappij” (it NFLS), oprjochte yn 1899. Yn 1901 gie de earste persoane-trein oer dit spoar fan Ljouwert fia Stiens nei Ferwert. Letter waard it spoar trochlutsen fia Ternaard, Dokkum, Mitselwier en yn 1913 ek noch oan’t Aenjum ta. Us Jan Wijbe siet mei syn klassegenoaten noch op 9 septimber 1992 yn ‘e persoane-trein dy’t fan Stiens nei Ljouwert en wer werom ryd, by gelegenheid fan it 750 jierrich bestean fan ús gemeente Ljouwerteradiel.

Yn Stiens op ‘e oergang fan it lokaaltsje dwers troch de Truerderdyk stiet noch it ferruste, inkel Andreaskrús, wat hjir seit dat it in inkeldspoar wie. It skean steand Andreaskrús is makke fan de twa diagonalen fan in rjochthoek. Der wurdt sein dat Jezus syn apostel Andreas yndertiid krusige is op sa’n soarte fan krús. Dêrom neame wy it in Andreaskrús.

It is allegearre âlde spoar-gloarje.
Hjoed sjogge jo yn Stiens noch spoaren fan krús en spoar, mar it is sûnder doel net folle mear as âld izer.

Mar net alle gloarje fergiet; âlde lieten bliuwe bygelyks.
Sa bliuwe de wurden en de meldy fan it liet oer “It Dokkumer lokaaltsje” bestean.
Harkje (sjoch de weblink hjirûnder), lês en sjong ris mei.

Weblink nei "It Dockumer Lokaeltsje"

Yn it noarden fan Fryslân, der ried ris in tram mei in gong fan sa'n tritich yn 't oer.
Mar de tiid gong foarby en dat tramke moast wei.
En doe rekke de bouhoek fol fjoer.
Refrein:
Yn it Dokkumer lokaaltsje, siet men rom it hiele ein.
En it wie der sa smûk, as men siet yn 'e hoek.
O, wat wie dochs dat tramke soms fijn.


In kommisje fan trije, dy kaam oan it wurd.
Foar dy tram der moast komme in bus.
En it duorre net lang, want it spoar wie net bang.
En no hinget in elts oan ‘e lus.
Refrein

Hiel de bouhoek stiet stram, hast yn fjoer en yn flam,
want de bus no dy is oan 'e rol.
En jo stean by de wei en jo kinne net mei,
want de bus, no dy is altyd fol.
Refrein

Dêrom no ta beslút, smyt dy bus der wer út,
en jou ús dan mar leaver it spoar.
Ek al fret hy de koal ek by 't weintsje hast fol,
en al wie men fan 't reizgjen wat goar.
Refrein



Geen opmerkingen: