vrijdag 8 mei 2009

Bestjoersgearkomste fan 'e KFFB yn Ljouwert

Freed 8 maaie 2009

De bestjoersgearkomste fan 'e Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB) is hjoed yn 'e Kurios-tsjerke fan Ljouwert. Earst prate wy oer in grut tal útgeande en ynkommen stikken. Foar ús kommende útjeften en oare projekten besprekke wy de eigen en eksterne finansjele mooglikheden om dy te realisearjen.

Wy komme wer in stapke fierder yn de diskusje oer in beëage nije bernebibel. De KFFB is frege mei wat goed nijs foar de bern te kommen. Soks keallet swier, mar wy sille alle war dwaan. Op 2 juny 2009 sil Krúspunt - it nije platfoarm foar Fryske oekumene - oprjochte wurde. As KFFB binne wy mei-oprjochter fan dit weardefol moetingsplak fan allerhande organisaasjes dy't it bêste foar hawwe mei it Frysk yn 'e earetsjinst en op oare plakken yn en bûten Fryslân.

Mei finansjele help fan it Mariënburgfûns sil de KFFB oan alle fjirdejiers studinten fan de Kristlike Oplieding ta Learkrêft Basisûnderwiis fan Stenden hegeskoalle te Ljouwert op 5 juny 2009 in eksimplaar oanbiede fan ús KFFB-muzykbondel de "Wylde Goes". Wy riede ús ynbring fan dizze gearkomste ta. En ta beslút wurdt lang praat oer it kommende jubileum fan it 75-jierrich bestean fan 'e KFFB, dy't ekstra feestlik wurde sil mei in grutte jubileumgearkomste yn jannewaris 2010 en mei in bysûndere útjefte fan in "Tinkskrift 75 jier KFFB".

Geen opmerkingen: