zaterdag 12 april 2008

Nei 100 Jier Kristlik Frysk Selskip

Sneon 12 april 2008

Hjoed fiere wy meiinoar it ieufeest fan it Kristlik Frysk Selskip (KFS). Grutsk kinne wy allegearre wêze op de ryke rispinge fan hûndert jier krewearjen foar Frysk yn 'e Earetsjinst, bygelyks: ús Fryske Bibeloersetting, it Fryske Lieteboek foar de Tsjerken, Fryske foargongers, Fryske eretsjinsten, it Fryske Tsjinstboek, de nije Fryske lietebondel "Tuskentiden", alle jierren it Fryske Bûsboekje, folle gjin genôch. Ús oprjochter fan 1908, dûmny Sipke Huismans, hie hjoed grutsk wêze kinnen op dit risseltaat; ek al kin it fansels noch mear en noch better.

Op 'e middei bin ik by de Ledegearkomste, dy't folge wurdt troch de Jubiléumgearkomste yn Tresoar yn Ljouwert. In feestrede fan foarsitter dûmny Liuwe Westra, de oanbieding fan it jubiléumboek "Mei it wiffe skip", de Tresoar-presintaasje fan de Ynventaris fan it argyf van de KFS, de presintaasje fan de nije KFS-lietebondel "Tusken rein en sinne". Trije jonges sjonge in tal lieten út dizze nije Fryske bondel, ûnder muzykale begelieding fan oargelist Olchert Clevering.

En jûn binnen Durkje en ik yn de Fenixtsjerke by de moaie útfiering fan it sjongstik "Jona" fan it Kwartettekoar ûnder lieding fan Hindrik van der Meer. Koartsein, de ganse dei feest mei de blik foarút op nochris hûndert jier.

Geen opmerkingen: